The Blues Brothers

Yn 2027 bringt Toanielselskip Fleurich Fierder it spektakulêre toanielstik The Blues Brothers op de planken. Dit enerzjike en muzikale stik nimt it publyk mei op de wylde rit fan de bruorren Jake en Elwood Blues. Mei harren legindaryske sinnemillens, strakke swarte pakken en in hege doasis rhythm-and-blues sette se alles op alles om harren ald weeshûs te rêdden.

Mei skerpe dialogen, swingende nûmmers en in flinke doasis Fryske humor belooft The Blues Brothers in ûnferjitlike teaterûnderfining te wurden. Dit stik is in earbetoan oan tiidleaze muzyk, bruorskip en rûge enerzjy. Mei dizze dynamyske útfiering lit Fleurich Fierder opnij sjen hoe't Frysk toaniel minsken ferbynt en de seal op 'e kop sette kin!

It ferhaal fan 'The Blues Brothers'

The Blues Brothers nimt it publyk mei yn it chaotyske en muzikale aventoer fan Jake en Elwood. Se hawwe in missy fan boppen krigen: bring de âlde band wer byinoar en fertsjinje genôch jild om it weeshûs te rêdden dêr't se opgroeid binne. Mar mei de plysje, lilke countrymuzikanten en allerhanne frjemde types efter harren oan, giet dat net sûnder slach of stjit.

In ferhaal fol faasje, humor, spektakel en ûnferjitlike soul- en bluesmuzyk. Sille de mannen harren doel berikke foardat it te let is? The Blues Brothers soarget foar in jûn fol muzyk, fleurigens en spektakulêre kolder dy't jo net misse meie.

In foarstelling dy't it publyk noch lang meinimme sil...

Foto's fan The Blues Brothers komme nog.

Poster It libben fan Johnny Cash van Fleurich Fierder